It registrearjen fan in .FR domein is net yngewikkelder dan it registrearjen fan in oare domeinnamme. De easken dy’t it offisjele Frânske registraasjeburo A.F.N.I.C. stelt binne op in pear punten wat oars as gebrûklik. Dêrom binne der in pear dinkjes wêr’t jo om tinke moatte, wannear’t jo in .FR domeinnamme bestelle en brûke wolle.
Oer de domeinnamme Krekt as bygelyks by .NL nammen kin in .FR domeinnamme bestean út op syn minst 3 en net mear as 63 letters en sifers. It iennichste tastiene lesteken is it keppelstreekje (-). Spitigernôch binne aksinten op letters net tastien. Fierders binne ûnder oaren net tastien nammen dy yn it Frânsk as kwetsend, misledigjend of krimineel sjoen wurde, nammen fan lânnen, fan Frânske gemeenten, departeminten en regio’s en yn Frankryk registrearre merken.
Oer de registraasje Wichtich: Yngeande 6 desimber 2011 feroaret de registraasje fan Frânske domeinnammen en wurdt it ek foar boargers en bedriuwen yn oare EU-lidsteaten as Frankryk mooglik in .FR domeinnamme fêst te lizzen. Frankryk is ien fan de pear lânnen dy’t frijwat beheiningen opsmite foar it registrearjen fan in domeinnamme. In .FR domein mei allinnich registrearre wurde op namme fan in Frânsk bedriuw of fan in persoan mei de Frânske nasjonaliteit of ien dy’t yn Frankryk wennet. Dêrom ferfange wy it adres dat jo by de oanfraach fan in .FR domein opjûn hawwe troch it adres fan ús Frânske bedriuw. It domein wurdt wol op jo namme registrearre, wêrtroch jo en jo allinnich de eigener fan de namme binne. By de oanfraach fan in .FR domeinnamme wurdt jo ek frege jo bertedatum en berteplak op te jaan. Dy ynformaasje is nedich foar de registraasje fan de namme.
Bedriuwen Allinnich yn Frankryk registrearre bedriuwen, mei in saneamd SIRET OF SIREN nûmer, kinne as bedriuw eigener wêze fan in .FR domein. Hat jo bedriuw net sa’n nûmer, dan kinne jo allinnich as privee persoan in .FR domein registrearje. By de oanfraach fan it .FR domein jouwe jo dan oan dat it giet om in privee persoan, mar jo brûke fierders de namme, it adres ensfh. fan it bedriuw. By bertedatum en –plak folje jo de data fan de direkteur, eigener of oare ferantwurdlike fan jo bedriuw yn.
Betingsten Op alle leveringen binne ús algemiene betingsten fan tapassing. Die kinne jo hjir (yn it Nederlânsk) lêze. Foar it gemak in pear fan de wichtichste saken: Jo kinne yn prinsipe jo .FR domeinnamme brûke sa’t jo wolle en jo binne sels ferantwurdlik foar it gebrûk fan de namme. Wy gean der fan út, dat jo de namme allinnich brûke binnen it ramt fan de wetjouwing fan it lân dêr’t jo wenje. De registraasje fan in .FR domein is ien jier jildich. Tsjin de ein fan dat jier krije jo fan ús in útstel om de registraasje te ferlengen mei wer in jier. Wannear’t jo de taheakke faktuer betelje, wurdt jo domeinnamme wer foar ien jier registrearre. Wannear’t jo neat dogge, wurdt de domeinnamme ien moanne yn “karantêne” hâlden troch it registraasjeburo en dêrnei wer frij jûn foar registraasje.