Wy dogge... neat oars as skewielige webhosting oanbiede, yn´t bysûnder oan bûtenlânners dy't yn Frankryk wenje. Wy besykje harren te helpen yn har eigen taal salang't om Nederlânsk, Frysk, Dútsk, Ingelsk of Frânsk. giet. Liwwadders mag oek . Wy binne fan betinken, dat it al dreech genôch is om in jins eigen taal in webstee te bouwen as jo net goed yn dat fak sitte. Yn in oare taal, benammen yn it Frânsk, wurdt dat hielendal slim swier.
Dit webstee.... is in it foarste plak bedoeld as in aardichheidsje mei in serieuze ûndertoan. Wy witte ek wol, dat .FR domeinnammen yn't alderearste plak foar Frânske websiden en net foar Fryske websiden bedoeld binne. Oan'e oare kant ha de Steaten fan Fryslân al jierren ferlyn oantrune op in eigen Frysk top level domain (TLD). Dêrfoar soe it .FY TLD opnij beskikber komme kinne. Spitigernôch koe dat TLD de lêste kear registrearre wurde op 1 april 2006; yndie... as april grap. Neffens ús fertsjinnet it bêste lân fan d'ierde, mei har eigen taal en kultuer, mear as allinnich in grapke. Salang de saak noch net útiten is, brûke wy dizze oplossing mar. As't net kin sa't moat, moat it mar sa't kin.
Wy besykje fierders... sjen te litten dat in Fryske webstee besjen lije kin en dat der guon minsken en organisaasje ree binne dêr by te helpen. Wy jouwe fansels in tal links nei oare handige websiden en op dit webstee sels stiet ek wat ark en reau om jo te helpe by it bouwen fan in Frysktalige webstee. Wannear't jo dat op priis stelle nimme wy fansels ek in link op nei jo webstee, yn it Frysk of yn ien fan'e oare talen fan Fryslân.