Ark en reau foar jo Fryske webstee en in pear ferwizings nei Fryske programmatuer. By it wurkjen oan dizze webstee foel it ús hieltyd wer op dat it noch wolris dreech wêze kin om Frysktalige websiden te meitsjen. Dat hat fansels te krijen mei dat it Frysk yn ferhâlding in frij lytse taal is en dat de ynternet- en kompjûterwrâld yn it foarste plak ientalich Ingelsk binne. Guon programmatuer is oerset nei it Hollânsk, mar in oersetting nei it Frysk is seldsum. Foar in oersjoch van ferskate programmatuer om jo webstee te bouwen en te ûnderhâlden sjogge jo hjirre. Hawar, de lêste tiid binne der in pear ûntjouwings dy't moed jouwe dat it allegearre wat makliker wurde sil.
It Wurdboek online, ûntwikkele troch Hallofryslan.nl is dêr in goed foarbyld fan. Hjirûnder kinne jo it fertaalblokje probearje, dat jo op oanfraach tastjoerd wurdt.
Handich foar op jo eigen webstee. Tink'er goed om, dat de staveringshifker net altiten goed wurket!
Frysktalige programmatuer De e107 byldstjoerde-ynformaasjebank (CMS) Hoewol't wy sels, krekt as in protte Friezen, de stavering fan it Frysk net goed yn'e macht hawwe, binne wy dochs út ein setten mei in oersetting fan'e "byldstjoerde-ynformaasjebank" (it Content Management System of CMS) dat wy geregeld brûke: e107 foar it bouwen fan in webstee. In stik fan it foarein en in pear ynsettriemen binne no klear. Wolle jo der mear fan witte, stjoer dan efkes in e-post.
Wordpress is in oar CMS dat nei't Frysk oerset is. It is nei alle gedachten it meast brûkte CMS yn'e wrâld, hoewol't wy fan betinken binne, dat de measte Wordpress websiden der frijwat itselde út sjogge.
It ferneamde Firefox, de iepen boarne e-blêder, is der yn it Frysk. It is mooglik dat er ek in pear fan de Firefox-tafoegings yn it Frysk oersetten binne, mar wy koene se net fine. Wol kinne jo it e-post program Thunderbird yn it Frysk dellaade. Sykje op dizze side efkes nei "Frisian".
By de AFUK binne de Taalhelp en de Staveringshifker foar bern te keap.
Alle hjir neamde iepen boarne programmatuer is fergees del te laden, m.ú.f. de AFUK programma's. Wy nimme yn prinsipe gjin keppelings nei kommersjele programmatuer op. De reden dat wy dochs de AFUK programma's opnommen hawwe, is dat de AFUK gjin winst makket. Hawwe jo weet fan oare Frysk programmatuer, lit it ús witte.